Gemeenten drok dwaande mei bestriden fan beareklau

Gemeenten binne de lêste tiid drok dwaande mei it bestriden fan giftige beareklau. It focht fan de beareklau kin earnstige brânwûnen feroarsaakje. Beareklau komt yn hiel Fryslân foar en is benammen te finen yn de buert fan wetter. Grienwurkers binne foaral dwaande de planten by fytspaden en berneboartersplakken fuort te heljen.
De beareklau waard oan de ein fan de njoggentjinde iuw út Ruslân meinaam as kultuerplant en is de lêste pear desennia eksplosyf yn oantal groeit. De plant hat wite blommen en kin wol trije meter heech wurde. By kontakt mei in beareklau wurdt oanrieden it lichemsdiel goed ôf te spieljen en it safolle mooglik út de sinne te hâlden.
Melde
Gemeenten freegje út te sjen nei beareklau en melding te dwaan as de planten op gefaarlike plakken stean.