De barbekjû kin oan! Trije tips fan kok Reitse Spanninga

No't de simmer einlik begûn is, set hiel Fryslân de barbekjû wer op! Stuollen yn 'e tún, in kâld drankje derby en in lekker stikje fleis op it fjoer. Ek sjef-kok Reitse Spanninga is in grut barbekjûfan. Hy mei graach thús barbekjûwe. ''It jout in spesjaal gefoel en do bist lekker bûten'', sa seit de Fries. De sjef-kok jout dêrom oan alle Friezen trije tips om dizze simmer in hearlik barbekjûmiel op tafel te setten!
Tip 1: Wês net te hastich!
Doch rêstich oan by it oanstekken fan de barbekjû. It is simmer en meitsje dy net te drok. Soargje dat de barbekjû goed op temperatuer is. Ast briketten hast, moat it dochs echt sa'n 250 graden wêze. In hiel soad minsken begjinne te gau, as it noch net waarm genôch is
Tip 2: Helje it fleis út de kuolkast!
As it waarm is, is it natuerlik goed om it fleis yn 'e kuolkast te bewarjen. Mar ast der wis fan bist datsto de barbekjû oanstekst, helje it fleis dan in healoere fan it foar út de kuolkast. Op dizze wize grillet it fleis better. Lit it fleis nei de tiid ek efkes bekomme, smyt it net direkt op dyn panne.
Tip 3: Grienten binne 'hot'!
Fleis is net út, mar griente op 'e barbekjû wurdt hieltyd populêrder. Besykje bygelyks ris in sipel op 'e barbekjû te lizzen. Soargje derfoar dat it net te gau waarm wurdt, mar dat de griente de tiid krijt om lekker te poffen. Sa krijsto in hearlike sipel mei in hiel soad smaak. It kin ek mei mais, tomaat of auberzjine.