Stenden folget ûntwikkelings Turkije op 'e foet

Stenden hegeskoalle yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert hâldt de ûntwikkelings yn Turkije goed yn de gaten, no't dêr nei de mislearre steatsgreep de needtastân útroppen is. De skoalle hat trije Turkske universiteiten as partner en trije studinten fan Stenden sille yn septimber staazjerinne yn it lân. Stenden hat kontakt mei de studinten hân en oanjûn dat as se wat oars dwaan wolle, de skoalle in nij adres foar harren siket. Yn harren beslút sille de studinten ek it reisadvys fan it ministearje fan bûtenlânske saken meinimme.
Der rint op dit stuit ien studint fan de Hotelskoalle staazje yn Turkije. Der binne gjin sinjalen dat dy werom komme wol. Studinten yn it bûtenlân hawwe in stúdzjebegelieder dy't harren begeliedt en se kinne altyd mei in spesjaal neednûmer belje, mocht der wat wêze.