De Vries by seleksje Cambuur

30 apr 2012 - 12:52

Sportklup Cambuur kin tiisdei yn de neikompetysjewedstriid tsjin MVV wer beskikke oer Mark de Vries. De oanfaller is noch net folslein hersteld fan in kûtblessuere, mar is fit genôch om op de bank te begjinnen. Martijn van der Laan is in fraachteken. Hy giet wol mei nei Maastricht, mar it is ûnwis oft hy spylje kin.

Marco van der Heide is yn elts gefal net ynsetber. Hy hat in knibbelblessuere, mar hopet der sneon wol wer by te wêzen. Foar Sandor van der Heide en Vincent Weijl is it seizoen sa goed as wis oer.

Mooglike opstelling Cambuur: Bizot, Droste, Hese, Van Boxel, Vosselman, Bakker (Van der Laan), El Makrini, Türk, Schepers, Barto en De Leeuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)