Skippersportret: Albert Jzn. Visser

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Mei it SKS skûtsjesilen stride fjirtjin skûtsjeskippers twa wiken lang tsjin inoar op de Fryske marren. Mar oer wa hawwe wy it dan eins en hoe pakke sy de silerij oan? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. No is it de beurt oan skipper Albert Jzn. Visser.
Visser is skipper fan it Lemster Skûtsje sûnt 2014 en skipper fan berop. Dêrfoar fear hy fan 2005 oant 2013 op de Twee Gebroeders Drachten. Ofrûne jier waard Albert Jzn. Visser achtste yn it SKS skûtsjesilen.
Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
‘’Ik wie pylder op it Lemster Skûtsje. Dat fûn ik echt prachtich om te dwaan om’t ik it in ear fûn dat skipper Sytze Hobma my dêrfoar frege.’’
Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
‘’De wedstriid by Wâldsein yn 2013 mei it skûtsje fan Drachten. It Feanster skûtsje en wy kamen neigenôch yn oanfarring mei-inoar wêrtroch’t wy op it Feanster skûtsje foelen. Wylst wy eins al omslein wiene drukte it Hearrenfean ús lykwols wer omheech. Echt in ‘bliksem piebe-momint’, it is dan ek noch wol werom te finen op YouTube. De folgjende dei makken wy sportyf in soad goed troch nei it earste plak te silen.’’
Hoe makkest fan de bemanning in team?
‘’Troch dúdlike ôfspraken te meitsjen en ék nei te kommen.’’
Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
‘’Fryslân, wetter, wyn en sile! Mar fierder fyn ik Skotlân ek hiel moai.’’
Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier. Alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.