Plysje beboetet boatsjefarders op Fryske marren

21 jul 2016 - 10:51

De plysje hat woansdei op it wetter 21 skippers beboete. Der waarden bekeurings útskreaun foar ûnder oare te hurd farre, farre sûnder farbewiis en farre ûnder ynfloed fan alkohol. Ek foar it ûntbrekken fan registraasjenûmers op flugge motorboaten binne boetes útdield. Op 'e Burgumer Mar krigen njoggen skippers in bon, de measten omdat se te hurd farden. Der binne fiif gebieten yn Fryslân dêr't hurd fearn wurde mei, dêr bûten is it ferbean.

Fan de Snitser Mar ôf namen de plysjes in boatsjefarder mei nei it buro, omdat se it fermoeden hienen dat er drank op hie. Op it buro moast er blaze, wêrnei't bliken die dat er yndied tefolle alkohol hân hie. Hy krige in farferbod en der is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)