Oane Galama wint syn twadde deititel yn Winsum

20 jul 2016 - 22:12

Fierljepper Oane Galama hat yn Winsum syn twadde deititel fan it seizoen helle. Hy ljepte 20.78. Sytse Bokma waard in bêste twadde mei in persoanlik rekôr fan 20.67. By de froulju wie Marrit van der Wal wer oppermachtich mei har winnende 16.35.

Freark Kramer wie de bêste junior mei 18.49. Jarich Wijnstra ljepte in pr fan 17.72 en wûn sadwaande by de jonges, Sigrid Bokma pakte mei 14.78 de winst by de famkes.

Trefwurden: 
fierljeppen Oane Galama
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)