SC Hearrenfean ferliest oefenduel tsjin Anderlecht mei 3-1

SC Hearrenfean hat de oefenwedstryd tsjin Anderlecht woansdeitejûn mei 3-1 ferlern. De Friezen moasten in grut part fan de wedstriid mei tsien man spylje, omdat Lucas Bijker yn de 38e minút nei in akkefysje mei Yoeri Tielemans mei in reade kaart fan it fjild stjoerd waard. Hearrenfean stie doe foar mei 0-1, troch in doelpunt fan Arber Zeneli.
Krekt foar rêst slagge it Steven Defour fan Anderlecht om 1-1 te meitsjen. Nei rêst wienen it Mahmoud Hassan en Yoeri Tielemans dy't de einstân fan 3-1 bepaalden, Tielemans die dat út in strafskop.
Keeper Erwin Mulder sjocht toch mei in goed gefoel op de wedstriid werom en Marzo sei: "Ik denk dat wij redelijk sterk speelden toen we nog met elf man waren".