Keatsers wolle yn Huzum net op ien fjild keatse

20 jul 2016 - 21:15

Keatsbûn KNKB beslút tongersdeitemoarn oer hoe't de keatspartij fan kommende snein yn Huzum derút sjen sil. Dat hat bestjoerslid Johannes Siegersma witte litten. De KNKB hie betocht om de manlju en froulju yn Huzum om en om in omloop keatse te litten op ien fjild. De wedstriid soe dan om 10 oere begjinne moatte.

De keatsers fiele dêr lywols hielendal neat foar. Sy ha de KNKB witte litten dat se op twa fjilden keatse wolle en dat se om 11 oere begjinne wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)