Boarterstún en kofjetinte Oranjerie by Tjaarda sloopt

20 jul 2016 - 21:07
  • De Oranjerie wurdt sloopt

It boarterstúntsje en de kofjetinte de Oranjerie by Hotel Tjaarda yn Oranjewâld is fuort. It plak der't in soad minsken nei in besite oan it bosk de bern noch eefkes útraze lieten is sloopt. De boarterstastellen bin skonken oan de gemeente Hearrenfean. Se krije in nij plak by park Ten Woude op It Hearrenfean.

Direkteur Tjitte de Wolf nimt mei pine yn it hert ôfskied fan de Oranjerie. Mar it gebou wie op en der kamen de ôfrûne tiid ek minder minsken yn de boarterstún. Op it plak fan de boarterstún en de Oranjerie komt no in gersfjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)