Partoer Anne Monfils wint ferrassend yn Minnertsgea

It winnende partoer yn Minnertsgea © Henk Bootsma
It keatsen yn Minnertsgea levere woansdei by de froulju in ferrassende winner op. De winst gie nammentlik nei it partoer fan Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra. Yn in tige spannende finale wûnen sy fan it toppartoer Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Einstân wie 5-5 en 6-0.
De tredde priis wie foar Rianne Vellinga, Maaike Osinga en Harmke Siegersma.