"Motorriders moatte better foarútsjen"

20 jul 2016 - 17:41

Motorriders moatte better foarút sjen en ferkearssitewaasjes better ynskatte om ûngelokken tenei foar te kommen. Dat seit Johan Postema fan Sint-Anne, dy't in rydskoalle foar motorriders hat. Hy reagearret dêrmei op de twa ûngelokken mei motorriders, wêrby't yn beide gefallen de motorriders ûnder it ynheljen oanriden waarden troch in trekker dy't nei links gie.

Neffens Postema moatte motorriders foar it ynheljen sjen wêrom't in trekker stadich rydt en oft der in ôfslach oan sit te kommen.

Der is in spesjale VRO-training, dêr't motorriders mear ynsjoch yn ferkearssitewaasjes by krije. Neffens Postema soene motorriders elk jier in opfriskursus folgje moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)