Brânwacht Langwar yn aksje foar lekke kruser
Op De Lemmer is woansdei de help fan de brânwacht ynroppen by in lekke kruser. Yn de boat, dy't oan in steger leit, stiet sa'n 40 sintimeter wetter. Hoe't dat kin is net bekend. Neffens de brânwacht is der nimmen oan board. De brânwacht hat it measte wetter fuortpompt en de boat nei in haven sleept.