Twangsom fan 50.000 euro foar keallemester Rotstergaast

© Omrop Fryslân
In keallemesterij yn Rotstergaast hat fan de gemeente De Fryske Marren in twangsom fan 50.000 euro oplein krigen. De twangsom wurdt oplein fanwege it opnij begean fan in oantal oertredings. Sa stean der tefolle gebouwen op it perseel, is der sprake fan yllegale bebouwing, wurdt de bedriuwswenning oan tredden ferhierd en binne der aktiviteiten dy't bûten de miljeufergunning falle.
De gemeente is al langer mei it bedriuw yn konklaaf om it wurk binnen de wet- en regeljouwing te krijen, mar dat slagget noch hieltyd net goed.