Epke: soargen, mar dochs posityf

05 aug 2016 - 06:16
  • Epke Zonderland
  • Epke yn aksje

Kommende freed begjinne yn it Braziliaanske Rio de Janeiro de Olympyske Spelen. Fansels dogge der ek wer Friezen mei. Yn de oanrin nei de Spelen stelle we alle Fryske dielnimmers foar. As sânde Epke Zonderland. 

Hy is ien fan de grutste sporters dy't Nederlân ea hân hat. As je twa kear wrâldkampioen wurde en in kear Olympysk kampioen yn in grutte sport as turnjen, dan bin je in hiele grutte. Eins kin dy prestaasje net noch moaier. Troch blessueres is der twivel, mar wer Olympysk goud oan de rekstôk? Wêrom net?

Epke is ek hjoed wer sa as Epke altyd is: relaxt, nochter en realistysk. Der is hjoed yn Den Bosch, by in soarte fan útswaaidei fan de turners, wer in soad parse. Mar Epke makket him net drok. Ek net as de parse hieltyd wer deselde fraach stelt: hoe grut is de kâns op goud? Dy kâns is der. Mar om te sizzen dat it in makky is: nee. Der binne twa eleminten dy't Epke dwers sitte kinne: syn sûnens en de konkurrinsje.

Sûnens

Twivel is der noch altyd. Reden is de harsenskodding dy't Epke augustus 2015 oprûn. Mei in training foel hy fan ’e rekstôk. Dêrtroch kwalifisearre hy him yndividueel net foar de Spelen en hat Epke it benammen oan de teamprestaasje te tankjen dat hy nei Rio giet. Op it lêste WK yn Glasgow helle hy net iens de finale oan de rekstôk. Sterker noch, hy helle net iens in resultaat by de top 30. "Sûnt dat momint kwakkelje ik mei myn sûnens. Ik ha nochal faak siik west. Soad pineholle en ûntstekkingen. Dat WK kaam te betiid. Mar gelokkich ha ik der no al bêst lang gjin lêst fan hân." En dêrtroch is Epke mei rjocht en reden wol in stik positiver wurden. "De kâns dat ik wer siik wurd, wurdt hieltyd lytser, omdat de perioade dat ik fit bin ek hieltyd langer wurdt. De kâns dat der dan wer in firus weromkomt, wurdt dus hieltyd lytser." Al is syn sûnens net it iennige dêr't hy lêst fan hat. "Ik ha al myn fingers kniesd. Dat docht by de brêge en foltiizje wol sear, mar oan de rekstôk kin ik deromhinne turnje. Boppedat ferwachtsje ik yn Rio der gjin lêst mear fan te hawwen." Mar yntusken is dúdlik dat Epke toch lêst hat fan dy fingers. Yn Den Bosch jout hy minsken mei de linkerhân in hân by it groetsjen. Op dat momint, no twa wiken lyn, ferwachtet Epke dat de pine yn Rio fuort is. Net dus. Foltiizje en brêge moat hy lizze litte. Mar: "By rekstok ha ik der gjin lêst fan." En dat stimt dan wer posityf.

Konkurrinsje

Fansels kin Epke altyd fan himsels ferlieze, mar as in oare turner better is, dan wurdt goud helje ek lestich. "De konkurrinsje is wer grut. De finale is al in flinke put." Dochs is de konkurrinsje net echt feroare. "De Dútser Fabian Hambüchen en de Japanner Kohei Uchimura kinne in hiele goeie rekstôkoefening delsette." Mar yn tsjinstelling ta Epke, meitsje dizze turners op in soad tastellen kâns op in medalje. "Bart Deurloo is der wol by kaam as konkurrint. En de Dútser Andreas Bretschneider is ek in spektakulêre rekstôkturner." Bretschneider soarge foar in ekstra elemint oan de rekstôk, 'de Bretschneider'' in dûbele salto efteroer mei in dûbele skroef.

Team

Nederlân stjoert foar it earst yn de histoarje in folslein team. Fiif man: Epke Zonderland, Jeffrey Wammes, Frank Rijken, Yuri van Gelder en Bart Deurloo. "It is wol echt te gek dat we no mei it hiele team gean. Dat jout sa'n ‘boost’. Je skriuwe histoarje en ik hoopje ek echt dat we elkoar nei in heger nivo tille kinne." Op it WK pleatse it team him net by de earste acht, mar krigen se in werkânsing by in testevent yn Rio. Mei acht oare lannen striden se foar fjouwer plakken. En dat slagge. "Dat wie te gek. We ha echt in teamprestaasje delsetten."

Michel Bletterman

Epke syn teamgenoat op It Hearrenfean Michel Bletterman spile in belangrike rol by de pleatsing. De Ljouwerter sette it bêste mearkampresultaat del en mei troch Bletterman syn prestaasje gean Epke en ko nei Rio. Dochs giet Bletterman net mei nei Rio. "Foar Michel echt ferskriklik fansels. Hy hat der hurd foar traind, hy is myn teamgenoat en ik hie it him echt gund. Mar by de lêste twa kwalifikaasjemominten wie it mearkampresulltaat fan Frank (Rijken, red.) better en dus is it net frjemd dat se foar him keazen ha. Mar ferfelend is it wol foar Michel."

Epke komt 6 augustus yn aksje, lyk as it hiele team. Hy kin him dan pleatse foar de tastelfinale. Op 8 augustus is in eventuele teamfinale. 16 augustus is de grutte dei foar Epke. Dy dei is de rekstôk-finale. Folgje alles oer de Olympyske Spelen fia omropfryslan.nl/os en de omropapp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)