Massaal beswier tsjin gasboarrings boppe Skiermûntseach

20 jul 2016 - 15:41
  • Skiermûntseagers protestearren woansdei yn Den Haag tsjin de gasboarrings

De Waadferiening, Natuermonuminten, Nationaal Park Schiermonnikoog en de gemeente Skiermûntseach hawwe beswier oantekene tsjin de gasboarrings boppe it eilân. Ek hast 400 besoarge boargers gienen yn berop. De Ried fan Steat moat alle beswieren beoardiele.

In mearderheid fan de Twadde Keamer spruts him earder út tsjin gasboarrings by Skier, mar minister Henk Kamp joech enerzjybedriuw Engie dochs tastimming foar twa proefboarrings. Tsjinstanners binne benaud foar skea yn it beskerme gebiet en de effekten fan de boarrings op it toerisme.

Se fine ek dat de gasboarrings net te rymjen binne mei it klimaatakkoart dat yn desimber yn Parys sletten waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)