Omrop Fryslân is in topper ûnder de regionale omroppen

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Omrop Fryslân is ien fan de best skoarende regionale omroppen. Dêrneist wurdt wat de Omrop makket mei it rapportsifer 7,5 it bêst wurdearre fan alle omroppen.
De regionale omroppen berikke hieltyd mear minsken fia sawol radio, telefyzje as ynternet. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it buro Motivaction. It online berik groeit it hurdst.
Wykliks sjogge hast 6 miljoen minsken nei regionale telefyzje en harkje sa'n trije miljoen minsken nei de radio.