Aletta Jorritsma wol minne perioade ôfslute yn Rio

04 aug 2016 - 06:28
  • Aletta Jorritsma

Kommende freed begjinne yn it Braziliaanske Rio de Janeiro de Olympyske Spelen. Fansels dogge der ek wer Friezen mei. Yn de oanrin nei de Spelen stelle we alle Fryske dielnimmers foar. As sechde Aletta Jorritsma.

“Wie myn Frysk wol wat yn oarder?” It is de earste fraach fan roeister Aletta Jorritsma as de kamera útgiet. We binne op de Bosbaan yn Amsterdam, de stêd dêr’t se wennet en traint mei de oare roeiers fan de Olympyske ploech. “Je brûke it Frysk net safolle mear, en ik wol fansels gjin flaters meitsje.”

De 27-jierrige roeister út Tsjummearum, dy’t it roeien learde yn har studintetiid by de Amsterdamske studinteroeiferiening Nereus, giet aanst mei it Nederlânske team nei Rio de Janeiro. En dat docht se nei in jier fol hichte- en djiptepunten.

Oertraind

It ôfrûne jier begûn noch goed foar Aletta en de froulju fan de Holland Acht. De boat helle op it EK roeien in it Poalske Poznan in sulveren medalje. In pear moanne letter wie der in knap sechsde plak op it WK yn Frankryk. Dêrmei lei de boat, mei Jorritsma oan board, moai op koers foar Rio.

Mar ein 2015 gie it mis foar de Fryske roeister: “Ik wie totaal net fit. Ik koe net mear meikomme mei de groep. Ik sliepte ek net mear en koe net normaal traine.” Nei ferskate testen waard it dúdlik, Aletta wie oertraind. It wie har earste swiere blessuere, en dat kaam hurd oan: “Do krijst der wol in klap fan. Sa hast hielendal gjin fertrouwen mear yn dyn lichem. Do witst net oft it noch wol goed komt en oft dat wol op tiid barre sil.” Nei dizze wurden is Jorritsma efkes stil. It is dúdlik dat it oertraind wêzen in soad ympakt hân hat.

Reserve

Nei de grutte stap werom fan ‘e winter, gie it fan jannewaris ôf wol wer wat better. Yntusken is Jorritsma hielendal fit en roeit se wer op topnivo. Mar har plak yn de Holland Acht is se kwyt. Wol is se, tegearre mei Karien Robbers, reserve.

It is wol wat in aparte situaasje. De prioriteit fan it roeibûn leit eins by de Holland Acht. Op papier is it reserve stean fan Aletta en har roeimaat Karien Robbers dan ek wichtiger as it meidwaan yn de twa sûnder. Dat blykt ek wol út de seleksje. Eins soe Jorritsma nammentlik yn in boat mei Heleen Boers stappe. Mar omdat dy lêste op it stuit net goed genôch fûn wurdt foar de Holland Acht, mei se ek net mei yn de twa sûnder: “Dochs bin ik bliid dat we no de kâns krije om by de Spelen yn in boat te stappen. It is no oan ús om spikerhurd te knokken om op dy manier it hiele trajekt sa goed as mooglik ôf te sluten.”

Twa sûnder stjoerfrou

Jorritsma is hiel realistysk as se praat oer de kânsen fan de twa sûnder stjoerfrou. Mei in lytse glimlaits om ’e lippen seit se: “It binne de Olympyske Spelen. Heger wurdt it nivo net. En wy farre noch mar in pear moanne tegearre. Dat betsjut dat in medalje der net ynsit foar ús.” Dochs is allinnich mar meidwaan net genôch foar de Friezinne. It tekenet de echte topsporter: “Natuerlik ha we in bytsje gelok nedich. It moat gewoan krekt goed falle.” Om dêr laitsjend oan ta te heakjen: “As wy de A-finale helje dan ha wy it poerbêst dien.”

Takomst

Op it stuit is Aletta alle dagen mei de roeisport dwaande. Alle wiken steane der sa’n 14 trainingen op it programma. Se mei dan klear wêze mei har stúdzje, op it stuit hat se it fierstente drok foar in gewoane baan. Nei wat oantrunen fertelt se: “Ik wol nei de Spelen seker troch yn it roeien. Hokker boat en yn hokker foarm wit ik noch net, mar ik ha wol it gefoel dat der noch mear yn sit.” En oft dat dan yn kombinaasje mei in baan is, ek dat is net dúdlik. Want, sa seit se dreaun : “Myn fokus leit op it stuit fol op Rio.”

By de Olympyske Spelen fan Rio de Janeiro komt de twa sûnder stjoerfrou, mei Aletta Jorritsma en Karien Robbers, op snein 7 augustus yn aksje yn de searjes. De werkânsings binne in dei letter as dat nedich is. Woansdei 10 augustus stean de heale finales op it programma, in dei letter is it dan tiid foar de finales. Folgje alles oer de Olympyske Spelen fia omropfryslan.nl/os en de omropapp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)