Boufak net foar Ljouwerter projekten

20 jul 2016 - 14:26
  • Website vrij-baan.nl

De boufak jildt dizze simmer net foar eltsenien. Vrij-Baan yn Ljouwert wurket bygelyks gewoan troch. Kommende snein wurdt úteinsetten mei de oanlis fan it nije busstasjon. Dêrfoar komt der in tydlik op- en útstappplak foar busreizgers. Ein dit jier moat it nije busstasjon klear wêze. Fanwegen it tydlike opstapplak is de fytsrûte foar it stasjon del rjochting de Achmeatoer ôfsletten.

Dêrneist wurdt yn augustus de ferlingde Stasjonswei yn gebrûk naam. De Valeriusstrjitte yn Ljouwert wurdt ferbrede en de Drachtsterwei is inkelde nachten ticht.

Dat fanwege wurk oan it akwadukt. Yn Deinum en Boksum krije dizze simmer de sportfjilden en it sportpark foarm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)