Langwarder fiert 50e jierdei mei Yndonezysk feest

20 jul 2016 - 14:07
  • Tongersdei begjint it Langwar-Jakarta Festival

Langwar stiet fan tongersdei ôf fjouwer dagen yn it teken fan Yndonezïe, omdat Bartele Santema syn jierdei grut fiert. Santema wurdt yn oktober 50 en woe dat fiere mei wat freonen dy't er opdien hat doe't er 24 jier yn Yndonezïe wurke en wenne. ''Der woene safolle komme, dat ik tocht: ik meitsje der mar in reüny fan. Doe waard it sa grut dat ik der mar in festival fan makke ha: it Jakarta-Langweer Festival."

Yn it teken fan Yndonezië

De hoareka yn Langwar skinkt dizze dagen Bir Bintang, in Yndonezysk bierke. Fierder kinne minsken boattochten meitsje, Yndonezysk ite en in soad Yndonezyske muzyk hearre. Der komme sa'n 200 bûtenlânske kennissen fan Santema, wêrfan ien mei in eigen priveejet. Langwarders en oare minsken binne ek wolkom: de yntree is fergees.

Santema is sels foaral entûsjast oer de Yndonezyske Beatles dy't komme. ''Ast de eagen tichtdochst, tinkst gewoan dat de echte Beatles werom binne, sa goed binne se.'' Santema hat yn Yndonezië sân kafees opsetten, in sjerpwafelbakkerij en in galerij foar lânkaarten. Hy wennet sûnt oardel jier wer yn Fryslân mei syn frou en trije bern, sadat de bern feilich en sûn opgroeie kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)