Needopfang Heliconstate Ljouwert giet ticht

20 jul 2016 - 13:54

De needopfang oan de Heliconstate yn Ljouwert giet no freed ticht. Dat hat it COA besletten yn oerlis mei boargemaster Crone fan Ljouwert. De lêst oerbleaune flechtlingen krije plak yn in asylsikerssintrum yn in oare gemeente.

Boargemaster Crone neamt it sluten fan de needopfang 'posityf nijs', omdat dit betsjut dat alle flechtlingen no yn de asylproseduere sitte. Heliconstate hie plak foar sa'n 370 flechtlingen. Dêr binne op dit stuit noch mar sa'n tachtich fan oer.

Omdat de ynstream fan flechtlingen de lêste tiid hiel lyts is, hat it COA Heliconstate foarearst net mear nedich.

Bufferlokaasje

It COA hiert it gebou oant 1 oktober as 'bufferlokaasje'. As der wer mear flechtlingen ynstreame, kin de needopfang op koarte termyn weriepene wurde.

Ljouwert sûnder opfang

It sluten fan de needopfang betsjut dat Ljouwert hielendal gjin foarsjenning mear hat foar it opfangen fan flechtlingen. Dat is opmerklik, want gemeentebestjoer en gemeenteried hawwe earder útsprutsen dat de gemeente graach asylsikers húsfestje wol. In earder plan foar in asylsikerssintrum yn it eardere distribúsjesintrum fan de post njonken it stasjon waard skrast, omdat it te djoer wurde soe om dat gebou geskikt te meitsjen foar it ûnderbringen fan húshâldingen mei bern.

De takomst

De gemeente Ljouwert hâldt de ambysje om in asylsikerssintrum te fêstigjen. Nei de simmerfakânsje sil de gemeente yn oerlis mei de Fryske 'rezjytafel' foar it ûnderbringen fan flechtlingen en asylsikers besjen wêr't en wannear't dat it bêste realisearre wurde kin.

Ek it COA hâldt de ambysje om in asylsikerssintrum yn Ljouwert te iepenjen. It COA stribbet der nei om yn alle provinsjehaadstêden fan Nederlân in opfanglokaasje te hawwen. Boppedat binne de ûnderfinings mei de needopfang yn Ljouwert goed. Yn Ljouwert wiene in soad frijwilligers beskikber foar aktiviteiten mei flechtlingen. Dy frijwilligers binne yntusken troch it COA ynformearre oer it sluten fan Heliconstate oan 'e ein fan dizze wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)