Marrit Steenbergen mei estafetteploech op wei nei súkses

Kommende freed begjinne yn it Braziliaanske Rio de Janeiro de Olympyske Spelen. Fansels dogge der ek wer Friezen mei. Yn de oanrin nei de Spelen stelle we alle Fryske dielnimmers foar. As fjirde Marrit Steenbergen. 
“Ik sta elke dag om half zes op. Dan ontbijt ik, stappen we in de auto naar Drachten en dan hebben we eerst een bespreking. Om zeven uur lig ik dan in het zwembad.” Marrit Steenbergen fan Easterwâlde is noch mar krekt 16 jier âld, mar libbet no al it spikerhurde libben fan in topsporter. In topsporter dy’t op wei is nei it heechste: De Olympyske Spelen fan Rio de Janeiro.
Nei twa oeren moarnstraining moat Marrit earst noch nei skoalle. By Topsport Noord op It Hearrenfean folget se it VWO. Dêrnei stiet der middeis wer in swimtraining fan opnij twa oeren op it programma. “Ik zat eerst nog in Drachten op school, maar dat was heel moeilijk vol te houden. In Heerenveen houden ze meer rekening met je sportcarrière. Als je weg moet, is dat vaak geen probleem. Op die manier is het goed vol te houden.”
2015 wie it jier fan de grutte trochbraak fan swimster Marrit Steenbergen. Op de Europeeske Spelen yn Baku (Azerbeidzjan) wûn se 5 sulveren en 1 gouden medalje. Har persoanlike rekôrs op de 50, 100 en 200 meter frije slach ferbettere se mei sekonden tagelyk. De rappe tiden yn Baku soargen derfoar dat se yn byld kaam by de 4x100 meter estafetteploech.
Sels seit se deroer: “De 4x100 is in Nederland de gaafste ploeg om bij te horen. Je zwemt ineens met Ranomi Kromowidjojo en Femke Heemskerk in één ploeg. Dat was in het begin wel even raar ja.” Mar yn it swimbad lit se sjen dat se fan senuwen gjin lêst hat. Op it WK fan 2015 swimt it team, mei Steenbergen yn de finale, nei in sulveren medalje. Dit jier wie der sels goud op de Europeeske kampioenskippen yn Londen.
Marrit hat harsels dus bewiisd as fêste wearde yn de estafetteploech. Yndividueel komt se yn Rio yn aksje op de 200 meter wikselslach. Ek hat se noch besocht har te pleatsen foar de 100 en 200 meter frije slach, mar op it lêste ûnderdiel miste se de limyt. Dy swom se wol op de 100 meter frije slach, mar jammer genôch meie der per lân mar twa dielnimmers oan elk ûnderdiel meidwaan. En mei Kromowidjojo en Heemskerk as absolute wrâldtoppers op de 100 meter wie pleatsing dêr hast ûnmooglik.
Eins komme de Olympyske Spelen fan Rio dus noch wat te betiid foar Marrit. “Dat klopt wel. Ik wil me de komende vier jaar blijven ontwikkelen. Op de Olympische Spelen van Tokio (2020) wil ik ook op individuele nummers uitblinken. En zelfs dan ben ik nog maar 20 jaar.” De ambysje is dúdlik. De kommende Spelen binne moai foar de ûnderfining, in medalje op de estafette soe te gek wêze, mar Marrit wol mear. Folle mear. En dêrfoar sjocht se al foarút nei 2020. En miskien ek wol nei 2024.
De 4x100 meter frije slach is de lêste jierren in sterk ûnderdiel fan Nederlân. Op de Olympyske Spelen fan Beijing (2008) wie der in gouden medalje foar de estafetteploech. Fjouwer jier letter wie der sulver op de Spelen fan Londen. En op it ôfrûne WK wie der dus in sulveren medalje foar it team mei Ranomi Kromowidjojo, Femke Heemskerk, Maud van der Meer en Marrit Steenbergen. De grutste konkurrinsje liket te kommen fan Olympysk- en wrâldkampioen Australië en de froulju út Amearika.
Nederlân is miskien gjin topfavoryt, mar sa’t Steenbergen sels seit: “Met Ranomi en Femke hoor je op deze afstand altijd bij de top. Als alles goed loopt doen we mee om de medailles.” Op de 4x200 meter liket in medalje der net yn te sitten, mar yn it swimbad is in ferrassing nea fier fuort.
By de Olympyske Spelen komt Nederlân, mei Marrit Steenbergen, op sneon 6 augustus yn aksje op de 4x100 meter frije slach. Op 8 en 9 augustus stiet de yndividuele 200 meter wikselslach op it programma. Op 10 augustus sil Marrit dan noch de 4 x200 meter frije slach swimme. Mei de estafette binne beide kearen moarns de searjes en wurde jûns de finales swommen. Folgje alles oer de Olympyske Spelen fia omropfryslan.nl/os en de omropapp.