Skorste direkteur Caparis wer oan it wurk

20 jul 2016 - 13:07

De twadde skorste direkteur fan Caparis is hjoed wer oan it wurk gien. Klaas Weissenbach wûn ferline wike de rjochtsaak tsjin de direksje fan de sosjale wurkfoarsjenning. Caparis hie in rjochtsaak oanspand omdat der ûnregelmjittichheden west hawwe soene mei de kontrakten fan de twa direkteuren Sinnema en Weissenbach. Se krige dêryn net gelyk fan de rjochter. Yn in earder koart pleit en in heger berop waard direkteur Tjerk Sinnema al yn it gelyk steld. Hy is earder al oan it wurk gien. Caparis fiert tsjin him noch in heger berop.

Beide direkteuren wiene yn maart troch de algemien direkteur Ben Gerrits op non aktyf steld.

Waarm wolkom

Klaas Weissenbach is mei in waarm wolkom wer begûn. Op de ruten fan it bedriuw binne spandoeken delhongen mei de tekst: Welkom terug Klaas.

It ferline

Caparis waard ferline wike troch de rjochter op hast alle punten yn it ûngelyk steld. Weissenbach moast op lêst fan in twangsom binnen fiif dagen wer oan it wurk litten wurde. Dêrnei hat de ried fan kommissarissen mei foarsitter Robert Veenstra en de leden Siem Jansen en Hugo van Woerden harren posysje beskikber steld. De acht gemeenten hawwe dat akseptearre. Wannear't der in nije ried fan kommissarissen oantrede sil is net bekend.

Koart pleit giet troch

Yntusken wie der ek al in ynterimdirekteur oansteld by de sosjale wurkfoarsjenning. Hjiroer tsjinnet freed in koart pleit fan de ûndernimmingsried. Dy fynt dat der advys frege wurde moatten hie oer de oanstelling. De rfk, dy't no demissionêr is hat Peter Linckaen Arriens op eigen manneboet oansteld. Sy sizze dat dat yn dizze sitewaasje rjochtmjittich is. Earder ha wethâlders fan de Caparisgemeenten oproppen it koart pleit net troch te setten om de rêst te bewarjen.

Trefwurden: 
Caparis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)