Skippersportret: Berend Mink

21 jul 2016 - 06:52
  • Berend Mink
  • Berend Mink

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Oer njoggen dagen begjint it SKS skûtsjesilen, trije wike lang stride de ferskate skûtsjeskippers tsjininoar op de Fryske marren. Wa wurdt de opfolger fan De Jouwer? Yn de oanrin nei de earste silerij op 30 july by Grou, lizze wy alle skûtsjeskippers fan dit seizoen in pear fragen foar. Hjoed Berend Mink.

Mink (57) hat in lange skiednis yn it skûtsjesilen. Al sa’n trijenfjirtich jier is hy aktyf by it skûtsjesilen. Earst as bemanningslid op it skûtsje fan Ljouwert en letter op it skûtsje fan Grou by heit Joop Mink. Sûnt 1988 is hy sels skipper op it skûtsje ‘It Doarp Grou’ en no op ‘d’Halve Maen’.

Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“Dat wie mei yn de roef, dan siet ik yn de iepening om it skoatstou binnen te heljen.”

Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
“Eins binne dat twa mominten. It kampioenskip yn 2000 mei ‘It Doarp Grou’ wie spesjaal om’t myn heit bemanningslid wie en Grou sûnt 1972 net mear kampioen west wie. Mar it meast yndrukwekkende momint wie de wedstriid by Terherne yn 2014. Op de dei fan de nasjonale rou om de slachtoffers fan de MH17 wûnen wy dy wedstriid. It wie winne sûnder jûchje.”

Hoe makkest fan de bemanning in team?
“Dat doch ik foaral troch in soad te oefenjen en te soargjen dat alle noazen deselde kant útsteane. En sa no en dan moatte je ferjongje.”

Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
“It leafst gean ik it wetter op en/of nei Beieren. Beieren leit yn Dútslân, dêr bist echt fuort en sjocht nochris wat fan de wrâld.”

Folje oan: as wy kampioen wurde dan...
“Soe dat in wûnder wêze, mar alles is mooglik as alles te plak falt.”

Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier en alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op de Simmer yn Fryslân-side.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)