Jonge skiere hoanskrobber ringe

De iennichste jonge skiere hoanskrobber fan Fryslân is fan 'e moarn ringe. De rôffûgelsoart dy't yn it Hollânsk grauwe kiekendief hjit, is tige seldsum. Dit jier liket der mar ien jong grut te wurden op in plak tusken Sint-Anne en de Aldebiltdyk.
Dat komt mei trochdat der mar amper muzen binne. De fûgels jeie nei alle gedachten bûtendyks en briede yn fjijlden mei hege gewaaksen. Dat der dochs ien jong sa fier kaam is, komt mei troch de ynset fan frijwlligers.
Dy hawwe in koai om it nêst hinne setten sadat bygelyks foksen der net by komme kinne. By in oar nêst wiene sy dêrfoar krekt te let. It jong is in wyfke en is behoarlik op gewicht.