Drokke dagen foar wetterstewards Snits

20 jul 2016 - 12:17

It binne drokke dagen foar de wetterstewards yn Snits. De stewards wurde troch Rykswettersteat en de provinsje ynsetten omdat der dizze dagen in soad boaten troch de stêd moatte. De oarsaak dêrfan is dat de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Twellingea derút leit fanwege in reparaasje.

Allinne boaten mei in beheinde hichte kinne dêr noch ûndertroch. De measte boaten moatte sadwaande omfarre fia Drylts en Snits, wêrtroch der lange wachtrijen komme kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)