Pieter-Jan Postma noch lang net fersliten

29 jul 2016 - 07:32
  • Pieter-Jan Postma

Nije wike freed begjinne yn it Braziliaanske Rio de Janeiro de Olympyske Spelen. Fansels dogge der ek wer Friezen mei. Yn de oanrin nei de Spelen stelle we alle Fryske dielnimmers foar. As twadde Pieter-Jan Postma. 

"Hey, hoi, hallo, hoe is ie man? Alles goed? Ja met mij ook." Typysk PJ. PeeJee. Sa as in soad freonen him neamme. Pieter-Jan Postma liket hast altyd wol in goed sin te hawwen. Altyd freonlik, altyd fleurich en it is altyd ynteressant om mei PJ te praten.

Sa ek dizze kear. Foardat we ta komme oan ús fragen, komt der earst in stoartfloed oan fragen ús kant op. "Roelof, hoe is het met je jongen? Nee, we hebben het straks wel over mij. Genoeg tijd. Hoe is het bij de Omrop? Bezuinigen he? Kut man. En hoe is het met je vrouw? Goed? Fijn man. Hoe is het met je ambities? Ben je nog gelukkig? Zit je goed in je vel? En met jou Abe (kameraman)? Lang geleden hoor." En sa giet it mar troch. Ek as we in rûnlieding krije troch syn anty-kraakpand, it âlde skoalgebou tichteby de Julianalaan yn Ljouwert, dêr’t Pieter-Jan wennet. Troch de keunstnersgalerij, by in begeliedingsynstitút foar wurkleazens del. En eltse buorman dy't delkomt, krijt in klap op syn skouder fan Pieter-Jan. PJ fielt him thús, hjir yn Ljouwert. "Ik reis de hele wereld over, heb nu een tijdje een vriendin uit Nieuw-Zeeland, maar hier voel ik me thuis. Het wonen is hier vooral goedkoop en omdat ik veel weg ben, scheelt dat in de kosten. Ik vind Nieuw-Zeeland ook geweldig, maar binnenkort komt mijn vriendin wel hier wonen en gaan we kijken wat we verder willen."

Revâns

Want syn earste doel is de Spelen. Revâns op de Spelen fan 2012, doe't hy yn de lêste race ynienen op koers lei foar goud, mar troch in ferkearde manoeuvre by in boei, krige hy in straf en einige hy as fjirde. "Oh ja, ik heb het daar wel moeilijk mee gehad. Absoluut. Ik vond dat ik al die mensen die me hielpen in de steek liet. Maar ik heb dat wel achter me gelaten. Ik zeil nu niet meer om te winnen, maar om goed te zeillen. Het resultaat komt dan vanzelf."

De absolute favoryt foar goud is hy net. No’t fjouwerfâldich Olympysk kampioen Ben Ainslie ophâlden is, is dy syn posysje oernaam troch de Brit Giles Scott. "Hij is echt goed, misschien nog wel beter dan Ben. Maar niks is onmogelijk." Efter Scott is der in hiele rige sterke mannen dêr’t Pieter-Jan ek by heard.

Takomst

Pieter-Jan, opgroeid yn Terkaple, hat der nocht oan. Mei syn 34 jier soene it syn lêste Spelen wurde kinne. "Maar ik sluit niet uit dat ik de volgende Spelen ook ga halen. Ik ben nog niet uitgezeild. Ik ga misschien voor Nieuw-Zeeland meedoen aan de America’s Cup (mei kataraman, de formule 1 fan it silen)." Earder heakke hy as lêste ôf om mei te dwaan oan de Volvo Ocean race. "Maar dat ga ik nog eens proberen, ik denk dat ik dat ook kan. Zo'n reis om de wereld met een team is weer heel wat anders dan zeilen in een eenmansbootje. Maar ook dat lijkt me een geweldige uitdaging. Het leven is één grote uitdaging, Roelof. Echt. Het is zo mooi man. Ik heb er echt zin in, die Spelen. Op naar wat moois." Of sa as syn lêste appke dat ik fan him krij as ik oan ’e Gardamar sit. "Geniet van je tijd daar, we zien elkaar weer voor wat moois, groet!!""

Pieter-Jan Postma syn wedstriden binne tusken 9 en 16 augustus. Mei op 12 en 15 augustus in rêstdei. As it waar it talit, sylt er alle dagen twa races. De bêste tsien pleatse har dan foar de finale, de saneamde medaljerace op 16 augustus. De punten mei dy race telle dûbel. Folgje alles oer de Olympyske Spelen fia omropfryslan.nl/os en de omropapp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)