Asfalt foar spoarbaan, trein wurdt bus

It soe folle goedkeaper wêze om saneamde smartbussen ride te litten op de spoartrajekten yn Fryslân. Dat konkludearret ûndersiker Carlo van de Weijer fan de Technyske Universiteit yn Eindhoven. No ride de treinen fan Arriva hjir noch op disel.
Yn stee fan dizze elektrysk te meitsjen, kinne se neffens Van de Weijer folle better ferfongen wurde troch de smartbussen. Dat is folle goedkeaper, sa docht bliken. Bygelyks op it trajekt Ljouwert-Starum: de omfoarming ta elektryske treinen kostet 50 miljoen euro, de smartbussen 30 miljoen euro.
Foardiel trein is der net mear
"Bovendien zijn de voordelen van een trein ingehaald door de huidige techniek. Zo is de bustechniek heel gangbaar, deze lijkt heel veel op de huidige dieselbussen. Een trein is qua techniek veel ingewikkelder. Daarnaast neemt het asfalt minder ruimte in dan een treinspoor", seit Van de Weijer. Ek jout fertraging op it spoar in soad problemen, seit er. "Dat staan er direct treinen stil. Bij de smartbussen is de kans op vertraging veel kleiner."
Van de Weijer die it ûndersyk yn gearwurking mei studinten van de TU yn Eindhoven. Ek krige er help fan ûnder oaren bussebouwer VDL en oannimmer Heijmans. Fanút de provinsje Fryslân hat er noch gjin reaksje hân op syn ûndersyk, mar der stiet oer twa moannen in petear tusken beide partijen pland.
Ferfolch mei test
It ûndersyk nei de foardielen fan smartbussen krijt boppedat de kommende tiid in ferfolch. "Ik wil met een tweede groep studenten dit onderzoek uitbouwen. En mogelijk kunnen we al ergens uittesten hoe dit in praktijk uitpakt. Bijvoorbeeld op een plek waar men al heel lang praat over de aanleg van een treinspoor. Daar zou dit een goed alternatief kunnen zijn."
Reaksje provinsje
De provinsje Fryslân lit yn in reaksje witte it in nijsgjirrich ûndersyk te finen en de ûntwikkelings te folgjen. Wol hat deputearre Johannes Kramer noch fragen oer hoe't it komt mei it transport fan guod. Dêr is yn dit ûndersyk net nei sjoen.