Turnsters mei Fryske tint

Kommende freed begjinne yn it Braziliaanske Rio de Janeiro de Olympyske Spelen. Fansels dogge der ek wer Friezen mei. Yn de oanrin nei de Spelen stelle we alle Fryske dielnimmers foar. As tredde turnsters Sanne en Lieke Wevers en Céline van Gerner.
As se kieze moatte tusken Oerisel of Fryslân, wurdt it dochs Oerisel. De suskes Wevers binne berne yn Fryslân, traine hjir no ek, mar binne foaral opgroeid as Tukker. Mar op de fraach oft se fine dat Omrop Fryslân se folgje moat roppe se alle trije, ynklusyf Céline van Gerner, lûdop: "Ja!"
Se is de iennige dy't echt twivelet by ien fan de dilemma's, dy't wy alle Fryske Olympiagongers foarlizze. Céline van Gerner is opgroeid yn Emmeloord, mar hat yntusken ek in wenning op It Hearrenfean. Se traint al fan jongs ôf oan by Sportstêd Hearrenfean. "Emmeloord is toch best wel op Friesland gericht. Hoewel ik nu meer in Heerenveen woon, reis ik nog wel geregeld naar mijn ouders in Emmeloord. Maar ik voel me hier wel thuis." En mei hjir bedoelt se Sportstêd Hearrenfean, ûnder de fleugels fan turncoaches Gerben Wiersma en José van der Veen. Under Wiersma groeit se út ta bêste Nederlânske mearkampster ea. As iennige fan de frouljusturnploech wie se der fjouwer jier lyn by de Olympyske Spelen yn Londen ek al by. Mei in 12e plak helle se de bêste mearkampprestaasje ea as Nederlânske turnster en ferbettere se de prestaasje fan Ans van Gerwen út 1972. En dus is se mei har 21 jier de frou mei de measte ûnderfining. Al is se net de grutste kânshawwer op in medalje. "Het halen van een finale, op de meerkamp of misschien op balk, zou al mooi zijn. Ik heb de laatste jaren veel blessures gehad en voel me pas de laatste tijd zo goed als pijnvrij. Ik geloof echter niet dat ik op het niveau zit van vier jaar geleden."
De turnster mei de measte kâns op in medalje is wierskynlik Sanne Wevers op balke. Op it lêste WK helle se sulver en op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai helle se sels goud. Al wiene dêr net alle toppers oanwêzich. "Het kan, maar de concurrentie is groot. Zelfs het halen van de finale is lastig, omdat er zo maar zo'n 15 kanshebbers zijn om die finale te halen." Sa ek har twillingsuske Lieke Wevers. "Maar voor mij zou een finale halen al fantastisch zijn. Dat zou op balk kunnen, maar wie weet ook wel met het team." In medalje helje mei it team is eins ûnmooglik, mei grutte turnlannen as Amearika, Ruslân en Roemenië. In plak by de bêste acht en dus in finale soe in stunt wêze, en is sjoen de eardere prestaasjes net ûnmooglik. De suskes Wevers wurde traind troch harren heit Vincent. Heit en mem Wevers wennen yn Menaam doe't de no 24-jierrige sukses berne waarden yn Ljouwert en ferhuzen dêrnei nei Oldenzaal. Dêr turnen de suskes ek, mar kamen se yn konflikt mei de turnferiening dêr. Dêrom turnje se no by Turnsintrum Epke Zonderland, sa as de turnseal no hjit. "Nee, wij zijn niet zo drukbezet en zo populair als Epke. Je merkt wel dat hij echt een BN'er is," sa seit Lieke. Mar neffens Sanne hoecht dat ek net: "We kunnen hier heerlijk trainen en de faciliteiten zijn goed."
Céline van Gerner, Sanne en Lieke Wevers komme 7 augustus yn aksje. In eventuele teamfinale is 9 augustus, de mearkampfinale is 11 augustus. De tastelfinales binne 14 (sprong en brêge), 15 (balke) en 16 (flier) augustus. Folgje alles oer de Olympyske Spelen fia omropfryslan.nl/os en de omropapp.