Grinsboerd Noardwâlde stellen

30 apr 2012 - 10:28
  • Noardwâlde

In jonge (17) út Noardwâlde is sneintenacht oppakt omdat er op de Nieuweweg oan de súdkant fan syn wenplak it grinsboerd fan de provinsje stellen hat. Op it boerd stiet in pompeblêd en 'Oant sjen'. Plysjes rieden tafallich del doe't se de jonge foarby fytsen seagen mei it boerd yn syn hannen.

Doe't de jonge de plysjes seach, smiet er it boerd fuort en naaide út. By in bocht foel er lykwols. De plysjes hâlden him dêrop oan. De jonge sit fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)