Ekstra feartsjinsten nei en fan It Amelân en Skiermûntseach

20 jul 2016 - 10:48

Rederij Wagenborg set woansdei ekstra boaten yn. De rederij ferwachtet in soad drokte fan en nei de Waadeilannen yn ferbân mei it moaie waar. Dêrom lit Wagenborg oan de ein fan de dei ekstra boaten farre. Der giet ien ekstra ôffeart fan It Amelân en ien fanút Holwert. Tusken Lauwerseach en Skiermûntseach farre beide kanten op twa ekstra fearboaten.

Trefwurden: 
Wagenborg feartsjinst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)