Twa motorriders ferwûne

20 jul 2016 - 10:41

Twa motorriders binne tiisdei ferwûne rekke by ûngelokken yn Fryslân. Op de Schwartzenbergwei by Hichtum botste in 30-jierrige man út Boalsert op in trekker. It slachtoffer kaam hjirby yn in sleat telâne. In oare motorrider ferliende earste help. De man is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Op de Skieding by Surhústerfean rekke in 66-jierrige man út Oerterp ferwûne. Hy woe neffens tsjûgen in trekker ynhelje, mar dy sloech ôf en rekke dêrby it slachtoffer. De motorrider rekke by de fal boppedat in ynstallaasje fan in tankstasjon.

Hy is stabilisearre troch in traumateam en per ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht.

Trefwurden: 
ûngelok motorrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)