CDA stapt út ûnderhannelingen Achtkarspelen

It CDA yn Achtkarspelen is út de ûnderhannelingen mei FNP en GBA stapt. De partij seit net genôch fertrouwen te hawwen yn in gearwurking. De FNP nûge it CDA ferline wike út om te praten oer in nije koälysje. Earder stapte de PvdA út de koälysje mei FNP en GBA.
It gebrek oan fertrouwen by it CDA hat ek te krijen mei wat der twa jier lyn, krekt nei de lêste gemeenteriedsferkiezings bard is. De partij wie doe ek yn ûnderhanneling oer in koälysje, mei de FNP en ChristenUnie.
Wylst it CDA tocht dat de petearen hast útiten wienen, gong FNP op it lêst yn see mei PvdA en GBA.
De PvdA stapte oardel wike lyn út de koälysje, om't de partij it net iens wie mei in plan fan FNP en GBA. Dy woenen 510.000 euro yn it jier út it oerskot fan it sosjale domein helje en it brûke foar oare doelen, sa as de grienfoarsjenning en pjutteboartersplakken. It CDA stipe dit foarstel wol.