Fysioterapeut teplak set troch Tuchtkolleezje

In fysioterapeut út Haulerwyk is troch it Regionaal Tuchtkolleezje foar de Sûnenssoarch teplak set, om't hy net goed hannele hat by de behanneling fan in frou mei rêch- en nekklachten. De pasjinte, ek út Haulerwyk, hat de fysioterapeut foar de tuchtrjochter dage, om't sy by in behanneling har bh útdwaan moast. Hy soe neffens de frou dêrnei har boarsten en tepels betaaste hawwe.
De tuchtrjochter oardiele dat it by dit type behanneling wol gongber is dat de beha út moat, mar de fysioterapeut hie yn it foar tastimming fan de de frou krije moatten.
Ek hie hy har útlizze moatten wêrom't sy har ûnderguod útdwaan moatte soe. De tuchtrjochter oardiele fierder dat net bewiisd wurde kin dat de fysioterapeut de tepels fan de frou oanrekke hawwe soe. De fysioterapeut sels ûntkent dat er dit dien hat. Fierder karde de tuchtrjochter it strang ôf dat de man net reagearre op de klachten fan de frou, dy't se him fia de mail tastjoerde. In gewoane warskôging wie neffens de rjochter dêrom net genôch.