Spuikokers Ofslútdyk foar it earst yn 15 jier drûch

Foar it earst yn fyftjin jier binne tiisdei de spuikokers yn de Ofslútdyk drûchlein foar in ynspeksje. Troch dizze kokers wurdt by in heech wetterpeil it oerstallige wetter út de Iselmar ôffierd nei de Waadsee. Normaal sprutsen stiet der altyd in laach wetter yn de spuikokers. Mar om de ynspeksje útfiere te kinnen moasten de slûzen drûchlein wurde. Rykswettersteat makket meunsters fan it beton yn de slûzen om te sjen oft dat net ferrotte is.
Dy meunsters wurde yn Sittard yn in laboratoarium ûndersocht.
Rykswettersteat is sa'n trije dagen dwaande mei it ûndersykjen fan ien spuikoker. Yn totaal hawwe de slûzen by Den Oever en Koarnwertersân 25 spuikokers. De wurksumheden duorje oant en mei 1 septimber. Fytsers en automobilisten sille gjin lêst ûnderfine fan de wurksumheden.