Nije rûte foar rioelwetter út Wynjewâld

© ANP
Der komt in nije rioellieding tusken Oerterp en Drachten. Wetterskip Fryslân is op dit stuit dwaande mei de oanlis derfan. No't de wettersuveringsynstallaasje fan Wynjewâld sletten wurdt moat it ôffalwetter suvere wurde yn Drachten. Ut ûndersyk blykt dat dat effisjinter is.
It smoarge wetter moat dan aanst fan Wynjewâld oer Oerterp nei Drachten. Tusken Oerterp en Wynjewâld lei al in lieding. Dy wurdt aanst yn omkearde rjochting brûkt.
Wetterskip Fryslân ferwachtet ein dit jier de wurksumheden klear te hawwen. Begjin 2017 sil de wettersuveringsynstallaasje yn Wynjewâld sletten wurde.