Blau-alch oantroffen yn wetter Griene Stjer by Ljouwert

Griene Stjer yn Ljouwert © groenesterleeuwarden.nl
De provinsje Fryslân warskôget foar blau-alch by rekreaasjegebiet de Lytse Wielen (Griene Stjer) yn Ljouwert. Minsken wurde mei buorden en linten attindearre op de kwaliteit fan it swimwetter. Blau-alch kin soargje foar irritaasje oan eagen en hûd.
Oare klachten dy't je krije kinne binne pine yn 'e holle of pine yn 'e búk. It is altyd ferstannnch om je nei it swimmen yn bûtenwetter ôf te spielen ûnder de brûs. Op de webside Zwemwater is de lêste stân fan saken te finen fan de kwaliteit fan it Fryske swimwetter.