Tjalling van den Berg: 'doping net út de sport te krijen'

19 jul 2016 - 19:10

Sportcoach Tjalling van den Berg is net ferrast troch it grutskalige dopinggebrûk yn Ruslân. Van den Berg kin de East-Europeeske sportkultuer en dêr is folle mear tastien om de top te berikken. Doping is neffens Van den Berg ek net út de sport te krijen en sil in hieltyd wittenskipliker karakter krije.

Noch gjin útspraak oer Olympyske Spelen

It Olympysk komitee IOC sprekt him foarlopich noch net út oer it mooglik útsluten fan de Russyske ploech fan dielname oan de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Moandei waard bekend dat doping yn Ruslân grutskalich brûkt waard en dat de oerheid it programma sels stipe.

Mooglik noch goud foar Sjinkie

It is noch net dúdlik wat de gefolgen fan de útkomsten fan it ûndersyk binne. Mochten de Russyske resultaten út de boeken skrast wurde, dan kin it sa wêze dat Sjinkie Knegt dochs goud kriget op de 1000 meter fan de Olympyske Spelen yn Sotchi. De twa Russen dy't goud en sulver hellen, wurde ek fertocht fan dopinggebrûk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)