Sisca Folkertsma skoart yn earste wedstriid EK ûnder 19

Oranje Leeuwinnen bliid mei oerwinning © Twitter Oranje Leeuwinnen
It Nederlânsk frouljusalvetal ûnder 19 mei dêryn Sisca Folkertsma fan Sleat hat tiisdeitejûn mei 6-0 wûn yn en fan Slowakije op it Europeesk kampioenskip. It waard in spesjale wedstriid foar Folkertsma, dy't yn de 23ste minút ferantwurdlik wie foar it earste doelpunt.
De 19-jierrige middenfjildster komt yn de BeNeLeague, de earedifyzje foar froulju, út foar PSV.
Jill Roord fan FC Twente wie útblinkster fan de wedstriid mei trije doelpunten. Michelle Hendriks fan PSV skoarde ek ien kear en de Slowaakske froulju makken noch in eigen doelpunt.