Man út Koatstertille fermist

30 apr 2012 - 09:50

De plysje is op syk nei Jelle Merkus (41) út Koatstertille. Merkus waard tiisdeitemiddei foar it lêst sjoen by in kapper by him yn it doarp. Hy is dêrnei fuortriden yn in griene Opel Corsa, in auto dy't er liende fan syn mem. Merkus hie woansdei in ôfspraak by it UWV yn Dokkum, mar is dêr net opdaagjen kaam.

Wa't mear wit oer Jelle Merkus wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje op 0900-8844.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)