Keningshûs populêr yn Fryslân

30 apr 2012 - 08:56

Fryslân is nei Flevolân de provinsje dy't it measte foar it keningshûs is. Fiifensantich prosint fan de ynwenners fynt himsels in keningsman of -frou. Dat docht bliken út ûndersyk fan EenVandaag en de regionale omroppen. Prinses Maxima is foar Friezen it populêrste lid fan it keningshûs, folge troch Keninginne Beatrix. Njoggentich prosint fan de Friezen seit fertrouwen yn har te hawwen.

Kroanprins Willem-Alexander krijt as rapportsifer in 7,2, wylst syn frou mei in 7,6 krekt wat heger skoart.

De measte Friezen tinke dat Keninginne Beatrix takom jier of yn 2014 de troan oerdraacht oan Willem-Alexander. De Friezen binne ferdield oer de fraach oft de Keninginne yn de ekonomyske krisis in part fan har taslach ynleverje moatten hie. 47 prosint fan de minsken fynt dat Beatrix best wat ynleverje mochten hie, wylst 43 prosint fynt dat se gewoan har jild hâlde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)