Gemeente ferlottet sân boukavels fan 100.000 euro

19 jul 2016 - 12:22
  • It Gemeentehûs van gemeente Weststellingwerf

De gemeente Weststellingwerf sil sân partikuliere boukavels op de lokaasje fan de eardere Renbaanskoalle yn Noardwâlde fia lotting ferdiele. De boukavels binne goed 520 oant goed 630 kante meter grut. Se binne bestimd foar frijsteande wenningen en kostje 100.000 oant hast 130.000 euro.

Op de boulokaasje komme ek noch 16 projektmatige keapwenningen. Minsken dy't ien fan de sân partikuliere boukavels ha wolle, kinne har oant 5 septimber ynskriuwe. Op 13 septimber wurdt der dan lotte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)