"Elk wit dat swimme yn iepen wetter gefaarlik is"

19 jul 2016 - 12:11
  • De Berkenplas op Skiermûntseach is in populêr swimplak

Friezen binne goed op de hichte fan de risiko's fan it swimmen yn iepen wetter. Dat stelt de GGD Fryslân nei in ûndersyk ûnder 750 Friezen. Sa witte sy blau-alch te herkennen en nimme se maatregels om foar te kommen dat se siik wurde troch it swimmen yn iepen wetter.

De measten dûse nei't se swom ha yn iepen wetter en mije wetter dêr't in griene laach yn driuwt of dêr't deade bisten yn lizze.

De ûnderfrege Friezen swimme benammen yn marren en yn de see. De measten jouwe oan noch nea siik west te ha nei it swimmen. Klachten dy't der wiene, giene foaral oer diarree, hûdútslach en jokte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)