Jorwert krijt pioniersplak

30 apr 2012 - 07:34

Jorwert krijt definityf in moderne fariant op it kleaster. Op inisjatyf fan de stichting Nijkleaster en de protestantske gemeente yn it doarp wurdt it Pioniersplak Nijkleaster begûn.

It plak is bedoeld foar minsken dy't yn in religieuze omjouwing ta rêst komme wolle. Yn earste ynstânsje wurde dêrfoar besteande foarsjennings yn Jorwert brûkt, doel is dat der op termyn in eigen kleaster boud wurdt.

Trefwurden: 
Jorwert Nijkleaster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)