Tal nijboukabels De Fryske Marren groeit eksplosyf

19 jul 2016 - 10:30
  • In boufakker oan it wurk

Yn de gemeente De Fryske Marren binne ferline jier flink mear kavels foar nijbouwenningen ferkocht. It giet om 61 kavels. Yn 2014 wiene dat der mar njoggen, yn 2013 fjouwer.

Der binne yn 2015 88 nije huzen boud yn De Fryske Marren. Dat docht bliken út de wenningmerkrapportaazje dy't it kollleezje fan boargemaster en wethâlders opsteld hat. Benammen op De Jouwer en De Lemmer binne mear kavels ferkocht, respektyflik 22 en 17.

De oare kavels binne ferkocht yn Balk, Vegelinsoard, Sint-Nyk, Sint-Jânsgea, Aldehaske, Langwar en Rottum. De wenningkorporaasjes wiene mei 55 nije hierwenten ferantwurdlik foar it grutste part fan de nijbou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)