Arumer ûndernimmer mei syn grizzlybear net hâlde

19 jul 2016 - 10:13

Undernimmer Siep Anema fan Arum krijt de opsette grizzlybear dy't er yn 2014 yn Kanada kocht hat, net werom. Dat hat de rjochter yn Grins beslist.

De opsette grizzlybear kaam net troch de dûane omdat foar de ymport fan de bear de fereaske CITES-fergunning net ôfjûn wie. Dat is in ynternasjonaal dokumint wêryn't stiet dat it bist yn kwestje gjin bedrige diersoarte is en legaal yn- en útfierd wurde kin.

Anema wol gjin kommentaar jaan op de útspraak. Hy oerwaget om yn heger berop te gean.

Mynwurkers

De bear waard al yn 1980 troch Kanadeeske autoriteiten deasketten, omdat it bist de lokale mynwurkers oanfoel. De bear waard dêrnei opsetten en skonken oan de direkteur fan de mynkorporaasje. Uteinlik kaam it bist by in partikulier telâne.

De advokaat fan Anema sei earder dat Kanada wol meiwurkje wollen hie om oan de goede papieren te kommen, mar dan moast de bear earst werom. En dat koe net, omdat er yllegaal yn Nederlân is en dêrtroch net legaal werom kin. 

Dûanedepot

De grizzly stiet sûnt ein 2014 yn in dûanedepot. Hy wurdt nei alle gedachten skonken oan in ynstitút of bistetún, sei in wurdfierder fan de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland op de sitting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)