UPDATE: EU kompensearret boeren foar molkpriis

19 jul 2016 - 12:29

Fan septimber ôf kinne melkfeehâlders har ynskriuwe foar Europeeske stipe, as se frijwillich minder molke produsearje. Fan oktober oant jannewaris krije se dêr kompensaasje foar. Dat makke lânboukommissaris Phil Hogan tiisdeitemoarn bekend by de presintaasje fan syn stipepakket fan 500 miljoen euro foar de melkfeehâlders.

Boeren fertsjinje yn trochsneed 40 persint minder as twa jier lyn troch de lege molkprizen. Hogan hat 150 miljoen beskikber om de boeren te kompensearjen foar it ferleegjen fan de molkproduksje.

"Dûbel gefoel"

Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea hat der wat in dûbel gefoel by. "Ik sjoch wol dat der hjir boeren binne dy't har rekkeningen net betelje kinne. Mar oan de oare kant binne der ek lannen dêr't de sitewaasje folle slimmer is as by ús."

Hoefolle in boer krije sil foar ien liter molke is noch net bekend. Dêr wurdt de kommende dagen fierder oer fergadere. "Dat is wol in bytsje nuver fansels" seit Huitema, "dat kommissaris Hogan hjir is om it út te lizzen, en net wit hoe heech dy priis dan wurde sil. Want dêr falt of stiet it wol in bytsje mei, hoe oantreklik it is foar boeren om hjir oan mei te dwaan."

Jild op de keukentafel smite

Der moat in strukturele oplossing komme foar de problemen fan de boeren, seit Huitema. "In healjier lyn wie der ek al sa'n pakket. We moatte foarkomme dat der straks wer in pakket nedich is."

"Ik bin der poer op tsjin dat je gewoan cash jild by de boeren op de keukentafel dellizze. Dat hat neat mei oplossingen te krijen. Hogan sei it ek: hy wol gjin jild nei it probleem smite. We moatte foarkomme dat we dizze problemen hâlde."

Ekstra druk

Europeesk kommissaris Phil Hogan wol 'ekstra druk' útoefenje op lidsteaten dy't ferantwurdlik binne foar oerproduksje fan molke. Dat sei er yn it debat oer Europeeske stipe foar boeren dy't it dreech ha troch de lege molkpriis. Nederlân is ien fan de lannen dêr't tefolle molke produsearre wurdt. 

"Dat is wol in bytsje holle retoryk" seit Huitema. "Want wêrom produsearje we mear? Omdat we kwalitatyf better binne. Wy ha ynvestearre yn korporaasjes en produsinte-organisaasjes. Oare lidsteaten ha dat net dien. Dan is it maklik om te sizzen: Nederlân, jim dogge it eins te goed."

Reade sifers

Yn de simmer fan 2015 sakke de molkpriis foar it earst ûnder de grins fan 30 sint de liter. Dy priis is sûnt dat momint allinnich mar fierder sakke. Dat soarget der foar dat in soad melkfeehâlders yn de reade sifers bedarre binne. Earder protestearren boeren dêrom al yn Amsterdam.

De lânboukommissaris hat de plannen tiisdei presintearre yn it Europeesk Parlemint yn Brussel. Moandei neamde foarsitter Sieta van Keimpema fan de Dutch Dairyman Board de Brusselske plannen "in stap yn de goede rjochting".

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)