Kollum: "In wûnder"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
'De geschiedenis, beter: de door ons aangemaakte geschiedenis is een verstopte plee. We spoelen en spoelen en de stront komt desondanks omhoog.'
In sitaat fan Günter Grass út dy syn roman In krabbegang. Ik moast dêroan tinke doe’t ik op facebook in repost fan Brandpunt foarby kommen seach. Dy ôflevering, ‘Nederlandse oorlogsmisdaden lange tijd in doofpot gestopt’ waard yn oktober 2015 útstjoerd. Brandpunt makke dy ôflevering nei oanlieding fan it boek ‘Soldaat in Indonesië’ fan Gert Oostindie. Nomen est omen, sille wy mar sizze. Yn alle gefallen ûntstie krekt as de earste kear wer in ûnhuerige diskusje oer it ûnderwerp. Oars hie ik dy miskien by my delglydzje litten, mar om’t ek ús heit yn Yndië sitten hat, slagge my dat net.
It praten oer oarloch en oarlochsmisdieden smyt altyd heftige emoasjes op. Dat is logysk, wy binne allegearre minsken. Ien fan de fragen dy’t men jin lykwols stelle kin is dizze: hoe fier en hoe faak moat der noch yn ’e tiid werom gien wurde om âlde wûnen iepen te skuorren? It hat derfan dat alles dat oait yn de minsklike skiednis bard is, net mear ferjierret. Alle deaden wurde opgroeven. Alle deaden opgrave betsjut alle haat opgrave en jierren, soms iuwen letter, de wet fan it ferjildzjen tapasse. De iene partij hat it allinne mar oer de plicht ta herinnerjen, om de oare partij te wizen op de plicht ta boetedwaning. Mar as wy ien ding leare kinne fan de skiednis is it wol dit, dat net ien inkelde steat ûnskuldich is, dat alle steaten grûnfêste binne op oarloch, misdied en twang.
Dêrmei sis ik net dat je de eagen ticht dwaan moatte foar dat wat der oait bard is. Just net. In rom ekskús kin lotterjend wurkje en lit de deaden mei rêst. Mar dat soe dus foar alle lannen en steaten jilde moatte, en lit dat no krekt net it gefal wêze. It herinnerjen wurdt yn de hannen fan dy lannen en minsken ta in polityk ynstrumint dat altyd op rankune útrint: de froegere ûnderdrukking wurdt in ekskús foar it hjoeddeistich wangedrach.
Neat is mear ferriederlik as it idee fan in kollektive skuld dy’t fan generaasje op generaasje oergiet, en in ivige smet op in folk of in mienskip smyt. In erfsûnde sûnder wjergea en sûnder ein.
Dêr’t wy mei oare wurden ferlet fan ha en foar iverje moatte, is it útwreidzjen fan de minsklike famylje, net it hillich ferklearjen fan alle ellinde út it ferline. Dêr’t wy ferlet fan ha is in polityk fan foarútsjen, fan freonskip en de reewilligens om de takomst foarm te jaan.
Eins ha wy ferlet fan in wûnder.