Fandaal op fyts fernielt tsjerkeruten

© Wikimedia Commons
In ûnbekende man hat moandeitejûn ruten fernield fan de Salvatortsjerke oan de Archipelweg yn Ljouwert. De plysje krige hjir tsjin acht oere in melding fan. Doe't de plysjes by de tsjerke oankamen, wiene der njoggen termopane-ruten sneuvele. Dat binne ruten mei dûbele beglêzing.
Neffens tsjûgen wie de fertochte op 'e fyts útnaaid rjochting de Robert Kochstrjitte yn Ljouwert. It giet om in man tusken de 40 en 50 jier. De plysje is op syk nei tsjûgen.