Plaggehutten by Spoekeplas Noardwâlde wer fernield

18 jul 2016 - 23:05

De plaggehutten by de Spoekeplas yn Noardwâlde wurde mooglik definityf fuorthelle. Moandei waarden der al stekken omhinne set, no't de hutten foar de safolste kear fernield binne troch jeugd út it eigen doarp. Doarpsbelang is benaud foar brân en wol foarkomme dat it útslaat nei in wenwyk yn de buert as de plaggehutten opnij yn brân set wurde.

Foarsitter Jan Hettinga fan doarpsbelang is bot teloarsteld dat der gjin respekt is foar de plaggehutten dy't ûnder oaren brûkt wurde foar it jierlikse simmerfestival yn it doarp.

Plaggehut as glydsbaan

"Er ligt hier glas, er wordt gespeeld met vuur en het dak van de plaggenhut wordt gebruikt als glijbaan." Hettinga is benaud dat de frijwilligers stadichoan harren nocht hawwe. Hy tinkt dat as Steatsboskbehear wol dat de plaggehutten ferdwine, dat dat ek barre sil. Doarpsbelang sil dizze wike in beslút nimme oer de takomst fan de hutten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)